Frysk-Kanadeeske poëzymiddei

Datum: 22 april 2018
Tijd: 15:00 - 17:30 uur

Frysk-Kanadeeske poëzymiddei

Op sneintemiddei 22 april sille Alyda Faber, Elske Kampen en Sigrid Kingma foarlêze út en fertelle oer harren dichtwurk.

Muzyk: Astrid en Else
Presintaasje: Janneke Spoelstra
Tagong: € 5,00.

Oer de skriuwsters:

Alyda Faber (1963) is berne yn Walkerton (Ont.), Kanada. Se wennet yn Halifax en is professor teology oan de Atlantic School of Theology. Opgroeid yn Kanada as bern fan Fryske âlden dichtet Faber yn it Ingelsk. Dust or fire (2016) is har debútbondel. Faber giet yn har fersen yn op wat ús ferbynt oan inoar en oan de ierde dy’t wy bewenje, sa seit de efterflap, en ûndersiket de ymperfeksjes fan ús flechtich bestean, ús ambysjes, ús relaasjes, ús breklik minske-wêzen. Se publisearre har fersen yn ferskillende tydskriften, û.o. yn The Malahat Review, it meast prestisjeuze literêre tydskrift fan Kanada en ek op Ensafh. Sjoch ek: http://www.ensafh.nl/?p=49777 foar in fraachpetear mei Faber en http://www.ensafh.nl/?p=49624 foar in lûdsopname en oersetting fan har fers ‘Leeuwarden Train Station’.

 

Elske Kampen (1955) wennet yn Gytsjerk. Nei har fyftichste begûn se, nei in kursus by Tresoar, mei dichtsjen. Se publisearret û.o. yn de Moanne en Ensafh. Yn 2008 wûn se in dûbele Rely Jorritsmapriis en yn 2009 de Maintiendrai Poëzieprijs. Yn 2010 ferskynde har earste poëzybondel Fan glês it brekken en sy krige dêrfoar de Fedde Schurerpriis. Yn 2013 waard de bondel nominearre foar de Gysbert Japicxpriis.  Yn 2012 ferskynde har twatalige dichtbondel Dit is it gedicht – Dit is het gedicht foar bern fan tolve jier ôf, dy’t yn 2013 nominearre waard foar de Simke Kloostermanpriis. De skriuwster hat dizze bondel sels yllustrearre. Yn 2014 ferskynde by de Afûk har tredde bondel Man en mem, dy’t nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Yn 2017 ferskynde har fjirde bondel Ynbyld by deselde útjouwerij.

 

Sigrid Kingma (1989) is opgroeid yn Drachten. Se studearre Nederlânsk en Frysk oan ’e Ryksuniversiteit Grins. Se wurket by de NHL, dêr’t se Frysk toetsmateriaal makket foar it basis- en fuortsetûnderwiis, en wennet yn Grins. Kingma debutearre yn 2017 mei de twatalige (Frysk-Ingelske) bondel Reade triedleas / Red wireless. Se waard yn 2017 nominearre foar Dichter fan Fryslân. Kingma trede yn maart op yn Skotlân op it StAnza festival yn St. Andrews. Fan ’t simmer organisearret se de Literêre kuier De Wuttelhaven del.

Oer de muzyk:
Astrid en Else binne in semy-akoestysk muzykduo dy’t melodieuze ferskes op unike eigen wize sjonge. Sjoch foar mear ynformaasje op www.astridenelse.nl.

 

Dizze middei wurdt organisearre mei stipe fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.


Kaarten bestellen

Er kunnen geen reserveringen meer worden geplaatst voor dit evenement.