Inez Timmer & Thijs Meester – RJOCHT YN’T HERT

Datum: 22 november 2020
Tijd: 15:00 - 17:15 uur



Rjocht yn ’t hert: in muzikale komeedzje mei in swart rântsje

Irene Dorée wennet yn in smûk flatsje mei in balkon. Wy prate oer de jierren sechtich. Hja liket in flotte, mar wat sweverige frou.
Fannejûn is foar har in hiel spesjale jûn dêr’t de televyzje ‘de haadrol’ yn spilet. Mar dan wegeret it apparaat. Reparateur Freddy Posthuma moat it ding reparearje. Hy is in praktysk man en yn alles it tsjinoerstelde fan Irene. Mar yn harren foarkar foar films fine se inoar.
Oant Freddy yn ‘e gaten kriget wat frou Dorée op dizze spesjale jûn fan doel is. It bysûndere fan ‘Rjocht yn ‘t hert’ is dat it publyk nei it skoft sels kieze mei hoe dat it ôfrint. Krije se inoar? Of rint de saak dochs yn it hûndert? It slot is der lykwols net minder ferrassend om.

Spilers:
Inez Timmer
Thijs Meester

Tekst: Angelika Bartram
Oarspronkelike titel: Mitten ins Herz
Bewurking en regy: Hans Brans
Oersetting: Inez Timmer en Hans Brans
Technyk: Remko Hoitsma
Lay-out: Wybo Smids
Foto’s: Piet Douma
Dekor: Kringloop

Mei tank oan:
Doarpshûs Weidum, Wybo Smids, Piet Douma, Wieke de Haan

Produksje: Inez Timmer
e-mail: info@ineztimmer.de

It kreative team:
Inez Timmer is yn Fryslân, Dútslân en Eastenryk foaral bekend as sjongeres, mar ek as komédienne.
Se skittere yn hast tritich musicals en produsearret boppedat mei in soad sukses en wille har eigen foarstellings.
Yn 2019 hie se har daverjende TV-debút yn ‘The Voice Senior’ en krige se in nominaasje foar de bêste froulike byrol yn in Nederlânske musical.
Foar har ynterpretaasje fan ‘Mme Armfeldt’ yn ‘A Little Night Music’ krige se ynternasjonaal hege wurdearring.

Thijs Meester spile mei in bulte sukses yn in tal fan iepenloft- en oare produksjes sa as ‘Elk sines’, ‘Master Gysbert’,
‘Het Kollumer Oproer’(mei Syb van der Ploeg).
By Omrop Fryslân is Thijs ek as poppespiler te sjen yn ‘Kening Hert’.
Yn septimber 2020 gie syn earste solo ‘Mens erger je niet’ yn première.
Syn sjongtalint bewiisde er mei ‘Spicks and Specks’, in Beegees tribute.

Hans Brans is útsein as dramaturch en resinsint foaral bekend as produktyf en suksesfol toanielskriuwer.
Hy skreau û.o. stikken foar jongerein, komeedzjes, serieus drama, lokaasjeteater en iepenloftspullen,
dy’t foar in part mei prizen bekroand waarden. As regisseur is er benammen aktyf yn it lytsskalige teater.

Remko Hoitsma en Inez Timmer hawwe tegearre al in soad moaie foarstellingen makke.
Ek by „Rjocht yn ’t hert“ is Remko ferantwurdlik foar de technyske en oare omballingen.

Oer de skriuwster:
Angelika Bartram hat hast tweintich toanielstikken skreaun foar bern en folwoeksenen.
Sy is in rasechte fertelster en fynt fantasy wichtiger as ‘witten’.
Wy binne har tankber dat wy har stik ‘Mitten ins Herz’ yn it Frysk en Nederlânsk oersette mochten.

Kontakt:
Fb: Rjocht yn it hert
www.theaterineziatief.nl
info@ineztimmer.de

 


Kaarten bestellen

Er kunnen geen reserveringen meer worden geplaatst voor dit evenement.