Datum: 07 april 2018
Tijd: 20:00 - 22:00 uur
Humoristisch toneelstuk in het Fries.
In freondinnekomeedzje troch de Sterke Froulju. De oersetting fan opvliegers (opstigings) is in humoristysk stik. Dit kear sjonge de froulju sels ek. Fjouwer freondinnen gean foar de fiifde kear op fakânsje mei harren reisklubke De Opstigers. Mar op Baly komme se harren sels tsjin. Alle fjouwer froulju sitte yn de oergong. Hoe geane se der mei om? Hokker problemen komme se tsjin? Ien ding is wis: se komme oars werom as doe’t se fuortgongen.
De spylsters binne: Anja Epema, Jeltje Joustra, Ineke Kalteren en Wytske Kooistra
Kaarten bestellen
Er kunnen geen reserveringen meer worden geplaatst voor dit evenement.