Menu Sluiten

Tûzen Triennen

Tûzen Triennen

Wanneer

zaterdag 11 oktober 2025    
20:00

Reserveringen

€ 10,00
Reserveer nu

Evenement type

Al sûnt 1997 witte wy mei ús frouljuskoar it publyk te boeien en te reitsjen! Dat sit ‘m net allinnich yn de muzikaliteit en fariaasje fan ús
optredens, mar seker ek yn ús entûsjasme, ferrassende akts op en foar it poadium en it praatsje tusken de ferskes troch.
Op bekende melodyen skriuwe wy sels ús teksten, altyd yn it frysk.

Dy teksten kinne hiel gefoelich wêze of krekt trochspekt fan in soad humor en selsspot, mar altyd geane se oer saken dêr’t wy froulju yn it libben mei te krijen ha. En dat is in lange list!

Us repertoire rint útien fan libbenslied oant pop en country en wy sjonge ien, twa en trijestimmich, mei soms in solo. Tûzen Triennen wurdt begelaat troch pianist Tseard Nauta, gitarist Joop Schulp en dirigint Marcin Rachula. Tegearre mei dizze geweldige muzykmannen meitsje wy fan elk optreden in feestje!

Goed om te witten: ek foar net Frysktaligen is de emoasje en betsjutting fan de teksten altyd goed sichtber en fielber.
Goed om te weten: ook voor niet Friestaligen is de emotie en betekenis van de teksten altijd goed zichtbaar en voelbaar.

 

Reserveringen

Tickets

€ 10,00

Registratiegegevens

Samenvatting reservering

1
x Standaardticket
€ 10,00
Totaal
€ 10,00
Theater De Bres Leeuwarden