Datum: 08 april 2022
Tijd: 20:00 - 21:30 uur

Klaes Westra wie kabaretier, sjonger en toanielspiler yn it midden fan ‘e foarige ieu. Mei syn Selskip Klaes Westra reizge hy nei de oarloch de provînsje rûn mei syn conferences en ferskes. Hy wie einlings hiel maatskippykritysk mei konferences as ‘Harke fan de fûgelwacht’ oer it ljipaaisykjen en ‘De swalker’ dat feitelyk oer konsuminderen giet!
Syn beide pakesizzers Aeltje Walsma en Gea Verhaag bringe syn grappige ferskes en sketskes wer foar ‘t ljocht en hawwe ek prachtig eigen wurk tafoege. Sa is een ynteressante kompilaasje ûntstien fan prachtig âld én nij wurk.
In nostalgyske, Frysktalige, noflike jûn!
Spul: Aeltje Walsma en Gea Verhaag
Tekst: Aeltje Walsma
Arrangeminten: Gea Verhaag
Regie: Gea Struiksma
Produksje: Acta Theater én Muziek
Kaartferkeap: Kaartverkoop / Ticketservice Acta Theater én Muziek
Mear ynfo oer Klaes Westra en de foarstelling op www.klaeswestra.nl
Dizze foarstelling is mei mooglik makken troch Boelstra Olivier Stichting,
Boersma-Adema Stichting, Gemeente Leeuwarden, Lammert Koopmans Stichting,
P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Prins Bernard Cultuurfonds, Provincie.
Tickets € 20,00 via: https://www.actatheater.nl/kaartverkoop.htm